Cookie beleid vv Oudehaske

De website van vv Oudehaske is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Aldehaske 2 – VHK 2 Krekt net..

19 mei 2019 14:15


Sneon de 18e fan de blommenmoanne wienen de omstânnichheden poerbêst om der in noflike fuotbalmiddei fan te meitsjen. Foar de mannen fan it twadde stie der einliks neat mear op it spul mar foar harren tsjinstânners noch wol, sy koenen noch in periode titel fertsjinje. Jo begripe fansels wol dat wy dat net samar gebeure lieten, de sportieve ferplichtings moatte wol neikaam wurde !

Omdat de keeper fan it earste blesseard wie moasten wy it hjoed dwaan sûnder ùs fêste keeper en oanfierder Robin, hy mocht letter op e middei ûnder de latte by de mannen fan it earste . Mar gelokkich wie Gerrit Berger, de kampioenskeeper fan de A’s , ré om ùs te stypjen, wêrfoar tige tank ! Yn de definsje begûnen wy mei Jurjan ( Hy soe earst yn de bleate bealch ( shirt kwyt ) en op sokken ( skuon ferjitten )) Jasper, Henk Jan en Lars,  op it middenfjild Bernard, Klaas en Gerard, en foaryn stienen Imme, René en Kees Pieter. Op de bank wie der noch plak foar Jordy, Bowe en Nick.

De wedstriid begûn net onaardich, de mannen wienen redelik by it spul, dat hat wolris oars west. No ja it mocht fansels ek wol want it wie al in moai skoft nei it middeis ûre dat wy ôftrapen. De mannen ùt Sint Jânskleaster begûnen wat lauw, it wie harren net oan te sjen dat se hjoed noch in priis pakke koenen. It spul golfde wat op en del mar hiele grutte kânsen ûntstienen der net. De rêst waard helle mei de stân wer’t wy ek mei begûn wienen  0-0…

Nei it skoft kaam der wat mear libben yn de wedstriid.. VHK waard feller en makke hjir en dêr  oertredings dy’t net altiid troch de skiedsrjochter sjoen waarden… in drukje yn e rêch wêr troch jo krekt ùt balâns binne.. It nei foaren fuotbaljen fan VHK smiet harren in hoektrâp op en ùt dizze hoektrâp wurde de bal fan ôf de 5 meter line binnenkopt. De bal wie foar Gerrit net mear te kearen en de 0-1 wie in feit. Yn dizze fase fan de partij filede VHK dat der wat te heljen wie en sy setten troch..nei in knappe oanfal kaam de bal yn de 16 meter by in oanfaller fan VHK dy’t fûgelstjefrij stie en samar de 0-2 binnensjitte koe.

Hjir moast fansels yngrepen wurde en der kaam in dûbele wissel, René en Imme gienen der ùt en Jordy en Nick namen harren plakken yn. Wa tocht dat de wedstriid spile wie kaam fan in kâlde merke thùs..de mannen fan de Haske stropen de mouwen nochris omheech en spuiden nochris yn e hannen ! Mei nij elân wurde de oanfal socht en ùt san oanfal wurde de bal troch Jordy op in thépantsje klear lein foar Kees Pieter dy dizze net te missen kansen rêstich fersulvere, 1-2. Hjir krigen ùs helden fan it twadde wer moed fan en ûnferskrokken lutsen sy nei foaren ! Yn ien sa’n oanfal kaam de bal by Gerard dy’t de keeper fan VHK mar wer is teste mei in skot fan sa’n 20 meter. It skot wie de keeper te machtig en hy krige de bal net klemfêst en dêr wie Nick de as de piken by om de bal tsjin it net jaaijen, dat betsjutte 2-2 ! Soe it dan noch moochlik wêze om de folle winst te pakken ? Né dat slagge krekt net, ùt in tsjinoanfal fan VHK kaam de bal by hun spits dy’t fan ôf de punt 16 meter knap de bal yn de hoeke achter Gerrit skeat, 2-3. Mar nochris in kear joegen de mannen fan de Haske sich noch net oer… wer gie de bal nei foaren rjochtong de goal fan VHK en flak foar tiid wie dêr noch in hiele grutte kâns foar Bernard mar dy makke hy krekt net….krekt net is san bytsje it ferhaal fan dit seizoen, hjir en dêr knap fuotbal sjen litten mar oan it ein fan de rit krekt net….

Sa as it heard wurde it ferlies as team droegen…yn de tredde helte waard yn de sinne noch noflik efkes neipraten ûnder it genot fan in pilske en musyk.

Oankommende tiisdei jûn spylje wy ùt yn Hoogeveen yn ferbân mei de doarpsfeesten  oare wike sneon.

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!