Cookie beleid vv Oudehaske

De website van vv Oudehaske is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Mei min waar nei der polder…..

11 maart 2019 11:00


Sneon 9 maart wie it wer sa fier. Mei it twadde fan de Haske nei de polder, SVM twa wie hjoed de tsjinstander. De lêste twa kear dat wy dêr wienen rûn it nest sa best ôf.. ferline jier foar de nei kompetysje krigen wy mei 5-0 op de bealch en de lêste kompetysje wedstriid ferlernen wie mei deselde sifers….. Soe it hjoed dan wer 5-0 wurde ? Piet Paulusma hie al foarsein dat it gjin strânlizzerswaar wurde soe… in bêste pûster wyn en in heal mingel reinwetter….wy koenen ùs der mar op klear meitsje….Sjaak, Rudi en de skriuwer fan dit stikje wienen bliid mei de help du’t wy fan de A’s krigen oars hien wy hjoed net iens los kint. By dizze tige tank : Einte, Warner en Joran!

Efteryn straten wy mei Robin yn it hok, Jasper en Ivar sintraal, Lars op links en Jurjan op rjochts. Op it middenfjild ferdichjend Bernard en Klaas en mear nei foaren ta Jordi. Foaryn op rjochts Joran, op links René en yn de punt Kees Pieter ( krekt syn waar hjoed ).

Wy hienen al rap yn de gaten dat wy oan de rjochterkant kânsen hienen….Joran wie sa rap as in hazze ! Hy kaam dan ek al rykelik gau oant twa kear each yn each mei de graue keeper fan SVM, dy’t goed nei de bal seach…it prikje mei de linkerskonk wie in bytsje te trochsichtig.

Nei tweintig minuten foel dan dochs de 0-1, de bal kaam foar de fuotten fan Klaas en dy betocht sich net… fia de skonk fan in SVM ferdigener belâne de bal yn de goal. Aldehaske bliuw goed druk setten en der kamen noch wol mear bêste kânsen.. noch in kear Joran ( bytsje mear oersicht hie in goal oplevere, René rûn frijn eist him ) Kees Pieter en René krigen de bal der net yn.

Rêststân 0-1. Hawar, yn de twadde helte moast der fansels wol trochwrotten wurde, mar SVM krige wol in bytsje mear greep op de striid. De bal kaam faker foar de goal fan Robin en ùt ien fan dy oanfallen slaggen de grien-wyten der yn om de 1-1- op it skoareboerd te setten. Dêrnei gie it spul wat op en del, René wie wat ûngelokkich yn de ôfwurking, dat hie sa mar 1-2 wêze kint.

Nei dat de grinsrjochter fan SVM op in gemene manier Joram ôfvlagge foar bûtenspul ( Hy waard hjir eem mei konfronteare troch de skriuwer : “do bist lyke gemeen as’t lang bist ) barde der einliks net in hiele dikke soad mear. Einte en Warner foelen wol hiel fertsjinstelik yn, sy mei wol faker mei dwaan!

Oare wike besykje wy wêr trije punte te pakken, om 13.00 ûre tsjin Willemsoord 2 op sportpark Bultsma.
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!